Jennie en Amarins winne bij de pupillefamkes yn Dronryp

Yn de A klasse binne 4 twatallen, der sitte twa Mantgumer famkes bij, Jennie en Amarins. Hja lotsje bij ilkoar, beide bliid, kinne hja moai oefenje foar de kommende ôfdielingswedstriid takom wike yn Britsum. Oan it ein fan de keatsdei wie dit it resultaat; ” Trije kear keatse, trije kear winst ” dat betsjut de earste priis, de krânse! Dit jowt fertrouen foar de takomst, lokwinske allebeide!

Geplaatst op 16 May 2011